De roomsk-katolike Sint Antonius van Paduaparochy wol mei parochianen yn petear oer de takomst fan de leauwige mienskip en de tsjerkegebouwen. Alle minsken dy’t ynskreaun steane by de tsjerke, ek de minsken dy’t net nei tsjerke komme, hawwe in brief krigen.
De parochy makket him soargen oer de takomst fan de fjouwer parochytsjerken yn Snits, Blauhús, Reahûs en Heech. Finansjeel kinne de tsjerken it noch wol rûnbreidzje. Mar de tsjerken sels rinne leech, der binne hieltyd minder minsken by fieringen en oare aktiviteiten en de tsjerkemienskip fergrizet.
It bisdom Grins-Ljouwert freget de parochy om mei in gebouwebelied te kommen. “Wat is der allegear oan gebouwen? Hoe giet dat yn dy gebouwen? En kinne we dy yn de takomst allegear noch iepen en oerein hâlde? Dat binne fragen dêr’t we antwurden op sykje”, fertelt pastoar Peter van der Weide.
De pastoar fernimt de weromrin oan besikers dúdlik by de katolike tsjerke yn Snits. Der is plak foar 600 minsken, mar by in trochsneed tsjinst op sneintemoarn sitte der mar hûndert. “We fernimme dat it allegear wat kwetsberder wurdt”, seit Van der Weide.
Tsjerken ticht?
Yn de brief dy’t no nei de parochianen gien is, stiet dat it net de fraach is oft der alle wykeinen in fiering hâlden wurde kin yn alle parochytsjerken, mar earder hoe lang oft dat noch kin. “We sjogge it oan de frijwilligers: dy wurde âlder. De koarsjongers wurde âlder; it is der allegear noch, mar it bisdom wol dat we deroer neitinke.”
“Op himsels is dat net ferkeard”, seit Van der Weide. “Mar oft dat no betsjut dat we gelyk allegear tsjerken tichtdwaan moatte…”
Betsjutting fan in tsjerke
Der wurde fjouwer parochyjûnen organisearre, yn alle fjouwer plakken, om te praten oer de takomst. Dêryn sil oan de oarder komme wat in tsjerkegebou foar minsken betsjut, wêr’t de parochianen ferlet fan hawwe en oft de tsjerkegebouwen noch besteansrjocht hawwe.
“Alles rint hjir noch aardich goed”, stelt Van der Weide. “Mar we moatte wol neitinke: hoe giet dit fierder? Dat wolle we graach fan de parochianen hearre.”
Want dat de saak urgint is, is wol dúdlik. “Der binne doarpen yn Fryslân dêr’t alle tsjerken ticht binne. Dan tink ik oan Jirnsum en Easterwierrum. Der is net ien tsjerke yn sa’n doarpke iepen. Dan tink ik: sil it kristlik leauwen dan hielendal ferdwine? Want dat hat wol mei-inoar te krijen fansels.”